
Fit mei Femke sûnder muzyk
Podcast af Omrop Fryslân
3...2...1... Start! Rin dy 'Fit mei Femke', in trainingsprogramma fan trettjin wiken hurdrintraining mei podcasts yn it Frysk ynsprutsen troch presintatrise Femke de Walle. De trainingen binne makke troch Omrop Fryslân-buroredakteur én hurdrin-coach Jaring de Groot. De begjinnende hurdrinner wurdt dêrmei holpen om yn koarte tiid 5 kilometer hurdrinne te kinnen. Fit mei Femke fynst yn dyn podcastapp
Begrænset tilbud
3 måneder kun 9,00 kr.
Derefter 99,00 kr. / månedIngen binding.
Alle episoder
37 episoder
Training 1 20 minuten hurdrinne Wy binne oankaam by wike 13, de lêste fan ús training. Dizze wike mar ien training fan 20 minten hurdrinne. Foar de lêste kear: hurdrincoach Jaring de Groot oer de generale repetysje De wike fan de wierheid. It is no eins wachtsjen op snein. Besykje de wike safolle mooglik te relativearjen en sjoch út nei snein datst ien fan de gelokkigen bist om mei te dwaan oan de Simmer yn Fryslân-loop, ûnderdiel fan de BurgumRun. Noch in oantal tips foar snein: • Betiid fan bêd en genietsje fan in goed moarnsbrochje. • Soargje derfoar datst genôch drinkst. • Sjoch nei it waar wat foar hurdrinklean datst oan ha moast. Lis dyn hurdrinklean en -skuon klear. • Nim noch wat te iten mei foar ûnderweis of krekt foar de start. Nim ek in bidon mei wetter of sportdrank mei. • As it mooglik is, kom dan op de fyts. Dat is maklik parkearje en sa hast ek automatysk al wat dien oan de warming-up. • Kom op tiid! Soargje datst om 13.30 oere op it terrein fan de Elektrisiteitssintrale yn Burgum bist (Koumarwei 2). • Dan kinst dyn startnûmer ophelje yn de ynskriuwtinte op it terrein. Dit startnûmer makkest mei spjelden (krigest der by!) fêst op de foarkant fan dyn shirt. • Kinst dy omklaaie yn spesjale klaairomtes op it terrein. • Nim dan de tiid foar de warming-up. • Nei de start fan de Simmer yn Fryslân-loop. • Besykje yn it startfak in goed plak te finen. De flugge rinners foaroan en de rest dêrachter. • Nei de start rinst automatysk oer de matte dy't dyn starttiid registrearret en rin dêrnei yn dyn eigen tempo. Genietsje foaral ek fan de moaie omjouwing. • Underweis binne der twa fersoargingsposten en nei de finish ien. Meitsje hjir gebrûk fan. Der is wetter en sportdrank. • Nei ôfrin krigest in oantinken oan de Simmer yn Fryslân-loop. • Kinst dy wer omklaaien. Der is ek gelegenheid om te dûsen. Sukses! Jaring de Groot

Training 3 3 x 10 minuten hurdrinne, tuskentroch 2 minuten kuierje Jaring de Groot: "Tips om troch te setten" De Simmer yn Fryslân-loop komt no echt tichtby. Bist der al hielendal klear foar of komme der toch wat 'kleine pijntjes' om de hoeke sjen? Bliuw posityf en hâld de gedachte fêst datst it kinst. Hâld dy ek goed oan it trainingsprogramma en doch seker net mear as dat yn it programma stiet. De bedoeling is sels om wat gas werom te nimmen, om dy sa wat rêst te jaan foar de dei fan 13 septimber dêr't it gebeure moat. Dizze wiken binne miskien wol it swierst. Eins bist der fierhinne klear foar, mar moast dy noch efkes wat ynhâlde. Mar it komt goed. Dan is de Simmer yn Fryslân-loop op 13 septimber foarby, en dan...? Is soe spitich wêze dat de basis fan 5 kilometer hurdrinne ferlern giet. Kinst foar dysels trochgean mei hurdrinnen en bliuw dat minimaal twa kear per wike dwaan. Stadichoan kinst de ôfstân dan wat fierder útwreidzje. Mar in soad minsken ha toch in 'stok achter de doar' nedich. Dan is in rinklup in oanrieder. Yn Fryslân binne tal fan atletykferienings en ringroepen aktyf. Sport Fryslân hat hjir wol in goed oersjoch fan. It foardiel fan in ringroep is dus dy 'stok', mar ek it foardiel fan mei-inoar rinne. Seker yn de winterperioade is dat noflik. Boppedat kinst ûnderling wat kompetysje oangean, is it sosjale aspekt belangryk en is it leuk om mei in groep nei in wedstriid ta te gean. En je kinne ûnderfinings yn it hurdrinne útwikselje. Koartsein in soad foardielen om nei de Simmer yn Fryslân-loop by in ringroep oan te sluten. Jaring de Groot

Training 2 1, 3, 5, 7, 5, 3, 1 minuten hurdrinne, tuskentroch 1 minút kuierje Jaring de Groot: "Tips om troch te setten" De Simmer yn Fryslân-loop komt no echt tichtby. Bist der al hielendal klear foar of komme der toch wat 'kleine pijntjes' om de hoeke sjen? Bliuw posityf en hâld de gedachte fêst datst it kinst. Hâld dy ek goed oan it trainingsprogramma en doch seker net mear as dat yn it programma stiet. De bedoeling is sels om wat gas werom te nimmen, om dy sa wat rêst te jaan foar de dei fan 13 septimber dêr't it gebeure moat. Dizze wiken binne miskien wol it swierst. Eins bist der fierhinne klear foar, mar moast dy noch efkes wat ynhâlde. Mar it komt goed. Dan is de Simmer yn Fryslân-loop op 13 septimber foarby, en dan...? Is soe spitich wêze dat de basis fan 5 kilometer hurdrinne ferlern giet. Kinst foar dysels trochgean mei hurdrinnen en bliuw dat minimaal twa kear per wike dwaan. Stadichoan kinst de ôfstân dan wat fierder útwreidzje. Mar in soad minsken ha toch in 'stok achter de doar' nedich. Dan is in rinklup in oanrieder. Yn Fryslân binne tal fan atletykferienings en ringroepen aktyf. Sport Fryslân hat hjir wol in goed oersjoch fan. It foardiel fan in ringroep is dus dy 'stok', mar ek it foardiel fan mei-inoar rinne. Seker yn de winterperioade is dat noflik. Boppedat kinst ûnderling wat kompetysje oangean, is it sosjale aspekt belangryk en is it leuk om mei in groep nei in wedstriid ta te gean. En je kinne ûnderfinings yn it hurdrinne útwikselje. Koartsein in soad foardielen om nei de Simmer yn Fryslân-loop by in ringroep oan te sluten. Jaring de Groot

Training 1 35 minuten hurdrinne Jaring de Groot: "Tips om troch te setten" De Simmer yn Fryslân-loop komt no echt tichtby. Bist der al hielendal klear foar of komme der toch wat 'kleine pijntjes' om de hoeke sjen? Bliuw posityf en hâld de gedachte fêst datst it kinst. Hâld dy ek goed oan it trainingsprogramma en doch seker net mear as dat yn it programma stiet. De bedoeling is sels om wat gas werom te nimmen, om dy sa wat rêst te jaan foar de dei fan 13 septimber dêr't it gebeure moat. Dizze wiken binne miskien wol it swierst. Eins bist der fierhinne klear foar, mar moast dy noch efkes wat ynhâlde. Mar it komt goed. Dan is de Simmer yn Fryslân-loop op 13 septimber foarby, en dan...? Is soe spitich wêze dat de basis fan 5 kilometer hurdrinne ferlern giet. Kinst foar dysels trochgean mei hurdrinnen en bliuw dat minimaal twa kear per wike dwaan. Stadichoan kinst de ôfstân dan wat fierder útwreidzje. Mar in soad minsken ha toch in 'stok achter de doar' nedich. Dan is in rinklup in oanrieder. Yn Fryslân binne tal fan atletykferienings en ringroepen aktyf. Sport Fryslân hat hjir wol in goed oersjoch fan. It foardiel fan in ringroep is dus dy 'stok', mar ek it foardiel fan mei-inoar rinne. Seker yn de winterperioade is dat noflik. Boppedat kinst ûnderling wat kompetysje oangean, is it sosjale aspekt belangryk en is it leuk om mei in groep nei in wedstriid ta te gean. En je kinne ûnderfinings yn it hurdrinne útwikselje. Koartsein in soad foardielen om nei de Simmer yn Fryslân-loop by in ringroep oan te sluten. Jaring de Groot

Training 2 2 x 15 minuten hurdrinne, tuskentroch 3 minuten (Dizze wike mar twa trainingen fan ús kant. Ast wolst, kinst fansels altyd wat kuierje, fytse of swimme.) Coach Jaring de Groot oer de tarieding foar de Simmer yn Fryslân-loop Noch in pear wike en dan stiest oan de start fan de Simmer yn Fryslân-loop, ûnderdiel fan de BurgumRun. Dyn earste offisjele hurdrinwedstriid. Best wol spannend, mar sjoch it foaral as in útdaging datst hjir oan mei dwaan meist. Hjirby in pear oandachtspunten dy't wy dy no al mei jaan wolle. • Sjoch al ris efkes op de lokaasje dêr't it evenemint holden wurdt (Elektrisiteitssintrale Burgum, Koumarwei 2). Sa krigest in bytsje in idee wat it is. Kinst ek op de site www.burgumrun.nl sjen. Dêr stiet ek fan alles op by 'foto/video' fan de ôfrûne acht jier. • Sjoch ek ris op de site www.burgumrun.nl foar de rûte yn Google Maps. En sa mooglik kinst de rûte yn it foar ek al fytse! • Tink al fêst nei hoe de wedstriid oer 5 km ferrinne moat. Hast no hiel wat trainingen hân. Wurdt it in kwestje fan útrinne op in leech tempo. Ynstek is dan om it gewoan te heljen. Kinst ek foar in opbou kieze troch stadich te begjinnen en geandewei de 5 kilometer it tempo wat op te fieren. Rin wol dyn eigen tempo en lit dy net meislepe troch oare hurdrinners. Se kinne in hiel oar doel ha wat it wedstriidferrin oanbelanget. • Tink ek alfêst nei oer de hurdrinklean foar de wedstriid. It is no noch net dúdlik wat it waar wurde sil op 13 septimber, mar ien ding is wol wis; it wurdt net kâld. Lit dy foaral liede troch de klean dy'tst by de trainingen oan hân hast. En wolst noch wat nijs keapje, doch dat dan no, want dan kinst it noch oan ha mei de training. En kinst fiele as it goed sit. • Bring famyljeleden en kennissen op de hichte fan it feit datst meidochtst oan de Simmer yn Fryslân-loop. Se kinne dy dizze lêste wiken noch stypje en op de dei sels is it natuerlik moai dat se dy oer de finish kommen sjogge. • En... genietsje oer in pear wiken fan de Simmer yn Fryslân-loop. It makket net út op it hoefolste plak ast oer de finish komst. Elkenien is in winner. En de ûnderfining is meastentiids dat der nei dy noch hiel wat minsken oer de finish komme moatte. Jaring de Groot
Begrænset tilbud
3 måneder kun 9,00 kr.
Derefter 99,00 kr. / månedIngen binding.
Eksklusive podcasts
Uden reklamer
Gratis podcasts
Lydbøger
20 timer / måned